Voorstelling reeds geweest

TRYATER mei: "In leafde"

VR 28 NOV '14 om 20.00u

TONEEL

 

De FRYSKE KRITE presenteert:

 

TRYATER mei "IN LEAFDE"   

 (The bridges of Madison County fan R.J. Waller)  

 

Nei de legindaryske ferfilming mei Clint Eastwood en Meryl Streep en de resinte musicalferzje op Broadway spilet Tryater no de toanielferzje fan R.J. Waller's roman The bridges of Madison County. Noch net earder waard it ferhaal op toaniel ferteld en dêrmei hat Tryater de wrâldpremjêre. The bridges of Madison County is in universeel leafdesferhaal, spile troch Nynke Heeg, Eelco Venema en Joke Tjalsma, dy't foar it earst te sjen is by Tryater.

 

Werom yn it hûs fan harren jeugd op it plattelân ûntdekke broer en sus in ûngewoan leafdesferhaal. Oan de âlde keukentafel, djip yn de nacht, reitsje Michael en Caroline hieltyd fierder ferdjippe yn it libben fan harren mem. Har grutte geheim, in romantyske leafdesrelaasje yn har houlik, komt boppe tafel.

Natuerfotograaf Robert Kincaid, 'de lêste cowboy', reizget nei it plattelân om de oerkape brêgen te fotografearjen dy't de provinsje Madison sa ferneamd meitsje. Hy moetet Francesca Johnson. Man en bern binne in midwike fuort en se is allinne thús. Fan dat momint ôf bloeit der in leafde op dy't sterker is as sy beide oait foar mooglik hâlden hiene.

 

Michael en Caroline wurde konfrontearre mei de pynlike fraach oft wy de minsken dy't ús nei stean eins wol echt kenne. Beide bern raffelje in leafde dy't alles te boppe giet út inoar en jouwe it in plak yn de rasjonele wrâld fan hjoed-de-dei dêr't minsken net maklik mear leauwe yn magy. Tryater nimt it publyk mei yn in ferhaal oer langstme, dreamen en romantyk, en realiteit en opoffering.

 

Regy: Jos van Kan

Akteurs: Joke Tjalsma, Nynke Heeg en Eelco Venema

Oersetting: Nynke Laverman

Muzyk: Wiebe Gotink

Dekôr: Jan Ros

Dramaturgy: Berthe Spoelstra

 

 

Foto: Marije Kuiper

 

Tagongspriis: € 14.--, freonen en 65+ € 12.50, CKV/CJP € 10.-

 

Kaartferkeap J. de Vries, Nijebuorren 4, till.0514 561638, mail: johannesdevries1@home.nl

 

 

 

 

Gerelateerde items

za 20 apr '24
Ubuntu
za 6 apr '24
BINGO en ANDERE ONGEMAKKEN