Voorstelling reeds geweest

KLÚN EN KNOFFELHAKKE MET HÉ BUORMAN!

ZA 8 OKT '16 om 20.00u

ZATERDAG 8 OKTOBER 2016

 

KlÚN en KNOFFELHAKKE met HÉ BUORMAN!

 

 

It duo Klún en Knoffelhakke bestiet út de spilers Broer Douma en Hendrik van der Heide út Hantum. Sûnt 1994 binne se op'n paad mei harren jûnsfoljende programma's en dat slacht oan, want Klún en Knoffelhakke binne alle wiken wol earne op in poadium te finen. Sa stadichoan komt it duo troch hiel Fryslân en oeral is it fleurich en gesellich! De programma's fan Klún en Knoffelhakke litte harren it bêste omskriuwe as typkeskabaret, wêryn it publyk ek net fergetten wurdt. Klún en Knoffelhakke besykje der in sjo fol mei nuvere typkes en frjemde foarfallen fan te meitsjen. Al dy frjemde fûgels ha op ien of oare wize te krijen mei in nuveraardich ferhaal, in reade tried, dy't Klún en Knoffelhakke altyd yn harren foarstelling besykje te stopjen. It duo hat eins mar ien doel: de minsken in noflike jûn besoargje!                                   

 

Jo kinne dat wol. In buert fol gesellige minsken. Oh sa meiinoar... Buertjûnen, barbeques, doarpsfeesten en gean sa mar troch. Wat kin it noflik wenjen wêze op sa'n buert. Mar is it altiten wol sa gesellich?

 

Klaas en Jehannes libje njonken elkoar. As is it achterelkoar? Bytiden witte se it sels net iens, want harren libben bestiet út it tsjin elkoar harsenskrabjen oer fan alles en noch wat. As der dan ek noch in nuveraardich persoan delstrykt yn harren buertsje, dan is it feest hielendal kompleet... no ja, feest?

 

Hé Buorman! is alwer de sânde sjo fan it Hantumer teaterduo. Al sa'n 20 jier witte se oeral dêr't se komme de fleur deryn te hâlden. Ek mei dit nije programma sil dat fêst wer slagje, want dat is it duo harren doel: de minsken in noflike jûn besoargje. Lekker laitsje..

It bysûndere oan dizze sjo is dat op ien nûmer nei, alle muzyk fan de ferskes spesjaal foar Klún & Knoffelhakke komponearre is. Remko Rijpkema fan EDS music út Alkmaar, dy't al jierren de muzyk fan it duo fersoarget, doarde it oan en hy hat eigen nûmers foar it duo komponearre. Wy binne dan ek tige grutsk op it resultaat!

 

Entree: € 12,50  incl. pauzedrankje

 

www.klun-knoffelhakke.nl

https://www.youtube.com/watch?v=wToGKGSGysI