Voorstelling reeds geweest

TRYATER mei DE WIERHEID FAN WYLGERAGEA

ZA 10 DEC '16 om 20.00u

 

Zaterdag 10 december 2016

 

TRYATER mei DE WIERHEID FAN WYLGERAGEA

 

De wierheid fan Wylgeragea, in nije toanieltekst fan toanielskriuwer Kees Roorda (Ljouwert, 1967) spilet yn in plattelânsmienskip earne yn ús lân.

 

Yn in lyts doarpke is alles goed. De minsken witte wat se oan mekoar ha. Famyljes kenne mekoar al generaasjes lang. Dat jout rêst en fertrouwen. Hjir stappe de minsken op bêd sûnder de doar op slot te draaien. Oant der in skaad falt oer de lytse mienskip. Der wurdt ynbrutsen. En dan binne de rapen gear. Unheil folget. Geroften wurde fertinkingen en fertinkingen wurde beskuldigingen. Oant de dieder fûn wurdt, sil it noait wer wurde sa't it wie.

 

In groep minsken, in mienskip, kin sa mar in eigen wrâld kreëarje: De miening fan de yndividuën yn dy mienskip foarmje meimekoar in eigen sosjale kontekst. Los fan wierheid, fuortkommen út oanstriid ta selsbehâld. Wa hat gelyk…? En wêr kin soks ta liede? Regisseur Jos van Kan makke ferline jier by Tryater In Leafde en Brekber.

 

tekst                           Kees Roorda

oersetting                   Romke Toering

regy                            Jos van Kan

dramaturgy                 Inés Sauer

 

Akteurs : Lourens van de Akker, Aly Bruinsma, Eva Meijering, Lysbeth Welling, Joop Wittermans.

 

foarmjouwing             Jan Ros

kostúms                     Linda Eijssen

muzyk                        Wiebe Gotink

ljocht                          Koos de Vries

 

Entree: € 17.00    Freonen fan Tryater  15.50   incl. pauzedrankje