Voorstelling reeds geweest

TRYATER met OMKE WANJA

ZA 8 DEC '12 om 20.00u

Sênes út it libben op it plattelân yn fjouwer bedriuwen

 

De famylje fan Wanja wennet yn in moai âld hûs op it plattelân en libbet in geregeld bestean. Se binne net ryk, mar se ha it goed. It ferhaal begjint as in famyljelid út de stêd nei in skoft wer weromkomt, mei in hiel moaie jonge frou. Elkenien libbet op. Se laitsje, ite, drinke, gûle, meitsje rúzje en brâne fan langstme. Troch de komst fan dizze stedske frou rekket alles yn ûnstjoer; se wolle mear, se wolle oars, se sykje passy. Mar it libben op it plattelân wie dochs altyd goed?

Omke Wanja is in foarstelling oer lokkich wêze. Sit it gelok yn it langstme of sit it yn it wêzen? Ira Judkovskaja makket dizze foarstelling út it hert: waarm en mankelyk, oer minsken dy't hiel ticht by ús steane.

 

Tekst: Anton Tsjechov

Oersetting: Romke Toering

Regy: Ira Judkovskaja

 

Spul:

Jan Arendz

Aly Bruinsma

Arnold Dijkstra

Marijke Geertsma

Nynke Heeg

Eelco Venema

Marit de Weerd

 

Decorûntwerp: Roos van Geffen

Kostúmûntwerp: Linda Eijssen

 

 

Tagongspriis:

€ 14.00

65+/Freonen fan Tryater: € 12.50

CKV/CJP: € 10.00

 

Kaartferkeap:

J. de Vries, 

Nijebuorren 4, 

De Lemmer

Till. 0514 561638